Jo stim telt!

Jo stim telt!

Bêste ynwenner fan Súdwest-Fryslân en in part fan Littenseradiel,

Noch in pear wiken en dan meie jo wer gebrûk meitsje fan jo rjocht om dy partij en/as persoan te kiezen dy’t de kommende fjouwer jier jo belang yn de gemeentlike polityk fertsjinwurdigje mei. Dochs hoopje ik fan herte dat jo gebrûk meitsje fan dat rjocht.
Guon hear ik tinken:
Wat smyt it op?
Wêrom soe ik stimme?
Faaks dogge sy dochs mar wat?

Ik kin my hiel goed yntinke dat der twifels binne. It fertrouwen yn (lânlike) polityk is net sa grut en somstiden liket it ek al dogge ‘sy’ mar wat en lústerje hja net nei de ynwenners. Dat fyn ik spitich en lûk ik my oan. Fandêr doch ik dizze oprop.

Wat leveret it neffens my op as jo op 22 novimber o.s. wol nei it stimburo komme?
Ik tink dat jo ek fêst saken yn jo omjouwing sjogge dêr’t jo fragen by ha. Miskien wol in buorfrou of famyljelid dy’t mear soarch nedich hat? Of josels en kinne jo mar gjin wurk fine kin of immen dy’t jo kinne dy’t hast net roun komme kin? Miskien ergerje jo jo wol oan it grien rounom jo hûs of yn jo stêd as doarp? Of sit jo eltse dei yn noed oer jo bern dy’t oer n drokke dyk nei skoalle fytse moat ? Allegearre fragen dêr’t de gemeentlike polityk, mei jo, nei in oplossing sykje kin en eins moat. Fragen dêr’t de gemeenteried of it kollezje fan B&W beslúten oer nimme moatte.

De gemeentlike polityk stiet tichter by jo dan jo somstiden tinke. It giet oer jo, jo gesin, famylje en freonen. It giet oer jo eigen libbensromte. It giet oer leefberens. Dat wêr’t jo eltse dei mei te krijen ha.
Dêrom is jo stim fan grut belang. It kin dochs net sa wêze dat in lyts klupke minsken bepaald hokker koers de gemeente farre moat. Dêr ha jo ek in hiel wichtige stim.

Fansels hoopje ik as listlûker fan de FNP Súdwest-Fryslân dat jo de konklúzje lûke dat de FNP it yn de ôfroune jierren net sa ferkeard dien hat. En hoopje ik dat jo yn it program fan de FNP jo eigen wearden en gedachten werkenne. Mar ek al wurdt it in oare partij dan is it wat my oanbelanget goed. As jo jo stim mar hearre litte en op 22 novimber ré binne om in kar te meitsjen foar de foar jo passende partij/persoan te kiezen.
No kin ik my ek yntinke dat der noch wol fragen binne. It is net sa maklik om paadwiis te wurden yn de wrâld fan de gemeente en al hielendal net yn de programs fan al dy ferskate partijen. Dêr wol ik graach in hânrikking dwaan. Mochten jo fragen ha oer hoe’t de gemeente dingen docht en sjocht en wat de FNP foar doelen hat op de ferskate temas dan kinne jo dy fraach stelle fia freegje@durkstoker.frl Ik sil dan besykje jo sa gau as mooglik in antwurd te jaan. Ofwol ik stjoer jo fraach troch nei de amtner, dy’t jo dan in antwurd jaan kin.

Jo ‘ik wit it net’ prebearje ik sa mei jo om te bûgen nei ‘ik wit it wol’. Dan giet jo stim net ferlern op 22 novimber 2017. Ik rekkenje op jo.

Freonlike groetnis,
Durk Stoker,
listlûker FNP-Súdwest-Fryslân

 

Share On Facebook
Share On Twitter
Share On Google Plus
Share On Linkedin

Warning: Parameter 2 to qtranxf_excludeUntranslatedPostComments() expected to be a reference, value given in /var/www/durkstoker.frl/wp-includes/class-wp-hook.php on line 286