Kearnwearde 4. Taal & Kultuer

Taal en kultuer drage tige by oan de identiteit en dêrmei oan it wolwêzen fan minsken. De FNP wol de Fryske identiteit fersterkje en stiet dêrom noed foar de Fryske taal en kultuer. De FNP makket him sterk foar in Fryslân, dêr’t ek oare talen en kultueren respektearre, praktisearre en wurdearre wurde, lykas it Biltsk en it Stellingwarfs.

FNP-Súdwest-Fryslân stiet folop iepen foar nije ynwenners, hokfoar taal dizze ynwenners ek prate. Súdwest-Fryslân is ryk mei in grut ferskaat oan ‘talen’ en dialekten. Dat makket ús gemeente ta de omjouwing dêr’t wy wiis mei binne.

Share On Facebook
Share On Twitter
Share On Google Plus
Share On Linkedin

Warning: Parameter 2 to qtranxf_excludeUntranslatedPostComments() expected to be a reference, value given in /var/www/durkstoker.frl/wp-includes/class-wp-hook.php on line 286