Blog

Jo stim telt!

Jo stim telt! Bêste ynwenner fan Súdwest-Fryslân en in part fan Littenseradiel, Noch in pear wiken en dan meie jo wer gebrûk meitsje fan jo rjocht om dy partij en/as persoan te kiezen dy’t de kommende fjouwer jier jo belang yn de gemeentlike polityk fertsjinwurdigje mei. Dochs hoopje ik fan herte dat jo gebrûk meitsje […]

Lês mear

Kearnwearde 1. Demokrasy

De FNP fynt dat de macht oer de oerheid fan it folk is. Minsken moatte safolle mooglik behelle wurde by it iepenbier bestjoer.

Lês mear

Kearnwearde 2. Federalisme

De FNP stiet in steatsynrjochting foar dy’t minsken en lokale mienskippen it foech en de middels jout om de eigen libbensromte safolle mooglik sels stâl te jaan. De FNP wol mear foech nei de provinsje, in sterker provinsjaal bestjoer en dêrtroch in sterker Fryslân. FNP Súdwest-Fryslân fynt dat de gemeente as earste bestjoerslaach mear foech […]

Lês mear

Kearnwearde 3. Ynternasjonalisme

De FNP siket nei wat minsken bynt en sjocht de wrâld as in federaasje fan mienskippen. Minskerjochten en respekt foar oare kultueren en libbensoertsjûgingen steane dêrby sintraal.

Lês mear

Kearnwearde 4. Taal & Kultuer

Taal en kultuer drage tige by oan de identiteit en dêrmei oan it wolwêzen fan minsken. De FNP wol de Fryske identiteit fersterkje en stiet dêrom noed foar de Fryske taal en kultuer. De FNP makket him sterk foar in Fryslân, dêr’t ek oare talen en kultueren respektearre, praktisearre en wurdearre wurde, lykas it Biltsk […]

Lês mear

Kearnwearde 5. ûndernimmerskip

De FNP wol eigen inisjatyf, kreativiteit, ferantwurdlikheid en ûndernimmerskip de romte jaan, dat minsken en mienskippen by steat binne har optimaal te ûntwikkeljen.  

Lês mear

Kearnwearde 6. Solidariteit

De FNP is in mienskipspartij. Foar it behâld fan de solidariteit moat begryp en respekt fan wjerskanten tusken earm en ryk, jong en âld, sûn en siik behâlden en fersterke wurde, dat nimmen oan de kant komt te stean.

Lês mear

Kearnwearde 7. Duorsumens

De FNP wol in duorsume wrâld neilitte oan de kommende generaasjes. Yn stee fan potfertarre siket de FNP nei ekonomyske besteansfoarmen dy’t in better lykwicht garandearje tusken konsumearjen en konservearjen.

Lês mear