Oer my

Efkes foarstelle.

Myn namme is Durk Stoker en tegearre mei myn frou wenje ik mei in protte nocht yn de âlde Grifformearde tsjerke fan Koudum. Ús trije bern binne sa njonkelytsen ûnder eigen pannen en soargje no foar harsels en ús fjouwer lytsbern.

Nei lange tiid wurke te hawwen yn it basisûnderwiis ha ik oant maaie 2014 wurke as adviseur en interim-manager troch it hiele lân en foar hiel ferskate organsaasjes en bedriuwen.

Sûnt maaie 2014 mei ik wurkje as wethâlder foar de FNP yn de Gemeente Súdwest-Fryslân. In machtich moaie gemeente dêr’t gjin dei gelyk is.

Yn dat wethâlder wêzen leit ek it beslút om dizze webstek op te setten. Ik praat mei in soad minsken, mar somstiden ha ik it gefoel dat dit noch fiertentemin is. Ik wol graach witte wat minsken tinke, miene en fiele. Ik hoopje dan ek dat jimme de muoite nimme om te reagearjen op de saken dy’t ik fia dizze webstek oansnij. Fansels binne dat saken fanút myn portefulje:

  • Leefberens (û.o. doarpshúzen)
  • Sport
  • Kapitaalguod (û.o. ûnderhâld grien, diken, sleatten, ensfh.)
  • Bedriuwsfiering (gemeentlike organisaasje)
  • Tsjinstferliening

Neist dat it my helpt de goeie dingen te dwaan helpt it ek it gefoel te fersterkjen dat wy it meiinoar dogge.

Ik rekkenje op jimme.

 

Durk Stoker

 

Share On Facebook
Share On Twitter
Share On Google Plus
Share On Linkedin

Warning: Parameter 2 to qtranxf_excludeUntranslatedPostComments() expected to be a reference, value given in /var/www/durkstoker.frl/wp-includes/class-wp-hook.php on line 286