Thús

Geregeldwei kom ik saken tsjin, dy’t ik graach diele wol mei oaren. De iene kear is dit in moai barren en de oare kear in fraach of in ûnderwerp dêr’t ik mei wrakselje. Dat is de reden foar dizze webstek.

Op dit stuit bin ik dwaande mei de Ferkiezings foar de Rie op 14, 15 en 16 maart 2022. Ik stean op plak 8 op de list foar de FNP en wol stomme graach nog in perioade yn de Rie sitte. Net foar mysels, mar om foar jimme as ynwenners de gemeente better en moaier te meitsjen. Om ek foar myn bernsbern in wrâld nie te litten dêr’t it noch goed libjen is.

Hast in fraach of in bemerking? Ik hear it graach en sil besykje sa goed mooglik antwurd te jaan.  Is de fraach en it antwurd handich foar mear minsken dan set ik it op dizze webstek.

Ik rekkenje op jimme krityske fragen en reaksjes.

Durk Stoker