Kearnwearde 2. Federalisme

De FNP stiet in steatsynrjochting foar dy’t minsken en lokale mienskippen it foech en de middels jout om de eigen libbensromte safolle mooglik sels stâl te jaan. De FNP wol mear foech nei de provinsje, in sterker provinsjaal bestjoer en dêrtroch in sterker Fryslân.

FNP Súdwest-Fryslân fynt dat de gemeente as earste bestjoerslaach mear foech ha moat om ynfolling te jaan oan oerheidspartisipaasje. De ynwenner oan set en de gemeente yn de stimulearjende en fasilitearjende rol.