Oer my

Efkes foarstelle.

Myn namme is Durk Stoker en tegearre mei myn frou wenje ik mei in protte nocht yn de âlde Grifformearde tsjerke fan Koudum. Ús trije bern binne sa njonkelytsen ûnder eigen pannen en soargje no foar harsels en ús fjouwer lytsbern.

Nei lange tiid wurke te hawwen yn it basisûnderwiis ha ik oant maaie 2014 wurke as adviseur en interim-manager troch it hiele lân en foar hiel ferskate organsaasjes en bedriuwen.

Sûnt maaie 2014 mei ik wurkje as wethâlder foar de FNP yn de Gemeente Súdwest-Fryslân. In machtich moaie gemeente dêr’t gjin dei gelyk is.

Yn dat wethâlder wêzen leit ek it beslút om dizze webstek op te setten. Ik praat mei in soad minsken, mar somstiden ha ik it gefoel dat dit noch fierstentemin is. Ik wol graach witte wat minsken tinke, miene en fiele.

Nei de ferkiezings moast ik begjin 2018 stopje as wethâlder. In nije perioade fan fjouwer jier waard my net gunt. Spitich, mar sa giet it yn polityk. In perioade as riedslid yn de Gemeente Súdwest-Fryslân kaam derfoar yn’t plak. Ek wer in moaie ûnderfining.

Ein 2018 kaam it bestjoer fan de FNP-De Fryske Marren mei de fraach as ik foar harren wethâlder wurde woe yn de Gemeente De Fryske Marren. Novimber 2018 wie it safier. Foar de kommende jierren soe ik wethâlder wêze yn myn bertegemeente De Fryske Marren. Wurkje fanút itselde gebou dêr’t myn heit lange jierren as administrateur wurke hie. Bysûnder!

Dat jo yn polityk nea wis binne fan jo plak fielde ik begjin 2019. Yn de Rie spyle de fraach: wol as net sânwinning yn in beskerme part fan de Iselmar. Op it gefaar ôf dat myn wethâlderskip net lang duorje soe moast ik de FNP fraksje wol advisearje in eigen koers te farren. Sûnder rekken te hâlden mei de gefolgen foar my. It pluche mei nea wichtiger wurde as de saak. De FNP-fraksje lústere goed nei de ynwenners en sei nee tsjin de sânwinning. Fuort wethâlderskip, om’t koalysjepartij CDA easke dat de FNP-fraksje foar stimme soe. In stevige tobekset, mar ek in goed gefoel. It giet der ommers altyt om it goeie te dwaan foar de mienskip.

Al rap nei de ein fan myn wethâlderskip kaam in tillefoantsje út Stede Broec. Hast ek ynteresse yn in (ynteriiim)klus as direkteur fan in basisskoalle. Dayt ha ik dien en doch ik no noch hieltyt. In prachtige baan mei fantastyske kollega’s en moaie bern. Yn in wol hiel lestige Korona-perioade.

Mar no wurdt it ek tiid om dizze webstek nij libben te jaan. Yn alles wta jo dogge ha jo in krityske hâlding nedich út de omjouwing. Dat hoopje ik fan jimmete krijen.

Ik rekkenje op jimme.

Durk Stoker